Aksjeboek foar bern 2018 komt der oan!

Boek Bonsterkes

 Aksjeboek foar bern komt der oan! Op sneon 29 septimber, middeis om trije oere, is de presintaasje yn MeM, it Talepaviljoen yn de Prinsetún te Ljouwert. Linda de Haan, dy’t de prachtige, fleurige yllustraasjes makke, en skriuwster Hanneke de Jong sille derfoar soargje dat jim jim net ferfele. Heiten, memmen, pakes, beppes, omkes, tantes, masters, juffen en fansels bern, binne fan herte wolkom!

Nei de presintaasje is it boek te keap foar € 4,95. Mei in krabbel fan Linda en mij!

Wêr giet it boek oer en foar hokker leeftiid is it skreaun?

It boek giet oer de Joery en Nine Bonsma dy’t krekt ferhúze binne fan de stêd nei it doarp. Se wenje no mei heit en mem nêst pake en beppe. Gesellich, allegear Bonsterkes op ‘e terp! De bern moatte earst wol wat wenne. Nine hat al gau in freondintsje, mar Joery net. Soe dat feroarje as er nije skuon kriget? De hiel bysûndere avensearskuon?

De Bonsterkes is in foarlêsboek foar bern fan 4 jier ôf. Bern fan groep 4/5 kinne de ferhalen sels lêze. It tema fan de Berneboekewike is freonskip en dêr giet dit boek ek oer.

Mear ynfo: https://hannekedejong.frl/aksjeboek-foar-bern-2018/